Manlju socht!
Foar de útfiering fan ús iepenloftspul binne wy driuwend op syk nei mannen, dy't meispylje en -sjonge wolle. De audysjes binne op 30 novimber yn Easthim. Wolst meidwaan? Stjoer dan foar 18 novimber in mailtsje oan iepenloftspulabbegea@outlook.com, dan stjoere wy dy it audysjeformulier ta!
Wat in soad belangstelling en enthousiasme juster op de ynformaasje jûn yn Abbegea!
Folgjende stap: de audysjes op 30 novimber fan 10 oant 16 oere yn it Himsterhûs yn Easthim. Hast dy noch net opjûn en wolst graach meidwaan, jou dy dan gau op troch in mailtsje te stjoeren oan:
iepenloftspulabbegea@outlook.com
Dan krigest in audysjeformulier tastjoerd.
Wy hawwe bynammen ferlet fan manlju!
----------------------------------------------------------------------------------------------
Ynformaasjejûn iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ 2025
ABBEGEA - Op 6 novimber om 19.30 oere (ynrin fanôf 19.00 oere) sil yn de de Gertrudis-tsjerke oan de Wartenterp 18 yn Abbegea in ynformaasjejûn hâlden wurde oer it iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ dat op 4,5,6,11,12 en 13 septimber 2025 útfierd wurde sil oan de Pikesyl yn Abbegea.
Op it programma stiet, njonken in iepeningswurd fan foarsitter Jan Ankersmit, in taljochting op de histoarje en it ûntstean fan dit inisjatyf troch Sjoerd Feenstra, ien fan de inisjatyfnimmers. In taljochting troch de skriuwer Dick Jansen op it skriuwproses fan it stik en in taljochting fan de regisseur Tineke Broers oer har bedoelings mei dit stik, mar ek oer de audysjes, repetysjes, kreatyf team ensfh.
Elkenien dy’t mear witte wol óf helpe wol (op hokker wize dan ek) by it ta stân kommen fan dit iepenloftspul is tige wolkom. Der binne njonken sjongers, muzikanten en spilers in soad frijwilligers nedich foar de horeka, ferkear/parkear-regelders, dekor- en tribunebouers, ensfh.
De sjong- en spylaudysjes wurde hâlden op sneon 30 novimber o.s. tusken 10.00 en 16.00 oere yn it Himsterhûs, De Cingel 20 yn Easthem. Opjaan foar de audysjes kin foar 20 novimber o.s. fia it mailadres: iepenloftspulabbegea@outlook.com
Kontrolearje foardat jo ûnderweis geane efkes jo route yn ferbân mei mooglike pleatslike ôfslutings rjochting Abbegea.
___________________________________________
Informatieavond iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ 2025
ABBEGEA - Op 6 november om 19.30 uur (inloop vanaf 19.00 uur) wordt in de Gertrudiskerk aan de Wartenterp 18 in Abbega een informatieavond gehouden over het iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ dat op 4,5,6,11,12 en 13 september 2025 uitgevoerd zal worden aan de Pikesyl in Abbega.
Op het programma staat, naast een openingswoord van voorzitter Jan Ankersmit, een toelichting op de historie en het ontstaan van dit initiatief door Sjoerd Feenstra (één van de initiatiefnemers); een toelichting door schrijver Dick Jansen op het schrijfproces en een toelichting van regisseur Tineke Broers over haar bedoelingen met dit stuk, maar ook over de audities, repetities, creatief team enz.
Iedereen die meer wil weten, óf op welke manier dan ook wil helpen bij het tot stand komen van dit iepenloftspul is van harte welkom. Naast spelers, muzikanten en zangers zijn er veel vrijwilligers nodig voor o.a. horeca, verkeer- en parkeerregelaars, dekôr- en tribunebouwers, etc.
De zang- en spelaudities worden gehouden op zaterdag 30 november tussen 10.00 en 16.00 uur in ‘It Himsterhûs’, De Cingel 20 in Oosthem. Opgeven voor de audities kan voor 20 november a.s. via het mailadres: iepenloftspulabbegea@outlook.com
P.S. Controleer voordat je onderweg gaat naar Abbega even je route i.v.m. mogelijke plaatselijke afsluitingen.
------------------------------------------------------------------------
MEIWURKERS SOCHT!!
Der binne fiergeande plannen om yn septimber 2025 oan de Pikesyl yn Abbegea in gloednij iepenloftspul op te fieren:
FRJEMD YN ABBEGEA
Yn de twadde wrâldkriich wie Abbegea in noch lytser doarpke as no. Midden op ‘e romte yn de gemeente Wymbritseradiel wennen sa’n 100 eigen ynwenners, mar tidens de oarloch ferdûbele dat oantal hast. Troch de isolearre lizzing wie it in daalders plak foar ûnderdûkers. In soad frjemd folk dus: fan ûnder oare Joadske, Russyske en Hongaarske komôf. Se fûnen leafdefol ûnderdak by de ynwenners fan Abbegea en omkriten. Dat wie net sûnder gefaar, want ferried en ûnminslik machtsfertoan fan de besetter leine altyd op ‘e loer. Ek doe’t yn 1942 foar it earst yn de Fryske skiednis de Mattheüs Pasje opfierd waard troch ynwenners en frjemdlingen yn in grôtfolle tsjerke, harke de besetter mei.
De Abbegeasters hawwe yn dy dagen troch harren hert en hûs iepen te stellen én in tûke alarmynstallaazje te betinken, harsels én it frjemde folk beskermje kinnen. Mar hoe giet dat tsjintwurdich? Werhellet de skiednis himsels? Is frjemd folk like wolkom as eartiids? Of binne it no yndringers dy’t de hûzen fan ús jongerein ôfpakke? En wat bart der yn Abbegea en omkriten as de gemeente in plan lansearret om minsken dy’t op de flecht binne op te fangen yn tydlike wenten yn de buurt? Bliuwe se dan frjemd yn Abbegea?
It iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ besiket mei de histoarje as basis in brêge te slaan nei hjoeddedei.
Foar dat iepenloftspul, skreaun troch Dick Jansen en ûnder regy fan Tineke Broers (mei assistinzje fan Ytsje Kramer) binne we op syk nei spilers, spylsters, sjongers en sjongeressen, musikanten,dekorbouwers, kaartferkeapers, kostúmmakkers, ensfh koartsein: nei in hiel soad minsken dy’t harren meiwurking op hokker wize dan ek jaan wolle oan dit bysûndere barren.
De muzyk en muzikale lieding is yn fertroude hannen fan Gerben van der Veen.
Wolst dy graach ynsette, skriuw dan in mailtsje oan:
iepenloftspulabbegea@outlook.com
Dan sette wy dy op ús frijwilligerslist en nimme kontakt op as wy dy mear definitieve ynformaasje jaan kinne oer in ynformaasjejûn en/of audysjes.