FRJEMD YN ABBEGEA
Yn de twadde wrâldkriich wie Abbegea in noch lytser doarpke as no mei sa’n 100 eigen ynwenners. Tidens de oarloch ferdûbele dat oantal hast, want troch de isolearre lizzing wie it in daalders plak foar ûnderdûkers. In soad frjemd folk dus, dat leafdefol ûnderdak fûn by de ynwenners fan Abbegea en omkriten. Dat wie net sûnder gefaar, want ferried en ûnminslik machtsfertoan fan de besetter leine altyd op ‘e loer. Ek doe’t yn 1942 as start fan de yntusken rike Boalserter tradysje, de Matthäus Pasje opfierd waard troch ynwenners en frjemdlingen yn in grôtfolle tsjerke.
De Abbegeasters hawwe yn dy dagen troch harren hert en hûs
iepen te stellen harsels én it frjemde folk beskermje kinnen. Mar
hoe giet dat tsjintwurdich? Werhellet de skiednis himsels?
Is frjemd folk like wolkom as eartiids? Of binne it no yndringers
dy’t de hûzen fan ús jongerein ôfpakke? Wat bart der yn Abbegea en omkriten as der in plan liket te lizzen om minsken dy’t op de
flecht binne op te fangen yn tydlike wenten yn de buurt? Bliuwe se dan frjemd yn Abbegea?
It iepenloftspul ‘Frjemd yn Abbegea’ besiket mei de histoarje as basis in brêge te slaan nei hjoeddedei.