Kin ik al kaarten bestelle?
Nee, noch net, mar hâld de webside yn de gaten
Wêr is de lokaasje fan it iepenloftspul?
Der wurdt spile efter de pleats oan de Pikesyl 1a Abbegea
Kin ik tichtby parkeare?
Ja, njonken it iepenloftteater is in grut stik lân om te parkearen. Folgje hjirby de oanwizings fan de ferkearsbegelieders.
As it strie min waar is wat dan?
As in foarstelling net trochgiet wurdt dit om 18:00 oere bekind makke op de webside en oare sosjale media. De foarstelling wurdt dan ferskood nei de reserve datum dy’t op jo ticket stiet.
Ik sit yn in rolstoel kin ik dan nei it iepenloft?
Ja dat kin, mar wy ha beheinde mooglikheden en graach yn it foor jo komst oanmelde fia ús siktariaat: iepenloftspulabbegea@outlook.com
Ha jo noch oare fragen? Stjoer dan in mail nei boppesteand mailadres